Japanske oesters besmette oare skulpdieren mei parasiten

28 okt 2017 - 07:47

Japanske oesters besmette oare skulpdieren yn de Waadsee mei parasiten. Dat docht bliken út ûndersyk. Yn de Waadsee libje sawat fyftich eksoatyske soarten dy't dêr eins net thús hearre.

Anouk Goedknegt fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee docht ûndersyk nei de Japanske oester, en dan benammen nei de parasiten dy't yn dy oesters libje. Dêrfoar hat sy net allinnich in soad fan dy oesters iepenmakke, mar ek oare skulpen. Goedknegt is derachter kaam dat ien sa'n parasyt út Japanske oesters ek yn oare skulpen werom te finen is. Foaral moksels wurde dermei besmet. De kondysje fan moksels hat der lykwols mar justjes fan te lijen. Dochs fertsjinnet dit wol mear omtinken fan natoerbeskermers en beliedsmakkers, fynt Goedknegt.

(advertinsje)
(advertinsje)