Brassband Looft den Heer winner tredde difyzje NBK

27 okt 2017 - 23:15
Brassband Looft den Heer yn aksje op de NBK

Op de Nederlânske brassbandkampioenskippen (NBK) yn Utrecht hat Looft den Heer de nasjonale titel yn de tredde difyzje pakt. Boppedat krige de brassband út Bitgummole, dy't ûnder lieding stiet fan Gijs Heusinkvelde, de priis foar de bêste slachwurkseksje. Greidebrass út Spannum waard tredde, wylst Blaast de Bazuin út Surhústerfean fjirde waard.

It NBK sette freedtejûn útein mei de wedstriden om de fjirde difyzje. De sjuery, mei dêryn de Fryske dirigint Durk Lautenbach, wiisde Immanuel fan Eemsmond oan as winner. As twadde einige Ere zij God fan Damwâld, ûnder lieding fan Gerben Huizenga. Sy behellen ek de priis foar de bêste tromboaneseksje. Soli Deo Gloria mei Sijtze van der Hoek fan De Tike waard tredde. Paulus de Jong behelle mei Euponia Ternaard de fjirde priis en mei Blaas de Bazuin fan Alde-Nije Biltdyk de fyfde. Yn dizze klasse spilen alle brassbands it wurk Purcellian Fantasia fan de Fryske komponist Jan de Haan. Dy komposysje is basearre op de mars út Henry Purcell’s Funeral Music of Queen Mary II.

Sneontemoarn fan 10.00 oere ôf komme de trije oare difyzjes, oan bar, mei dêryn ek Fryske dielnimmers.

Trefwurden: 
NBK Looft den Heer Utrecht
(Advertinsje)
(Advertinsje)