Tinkstien ûntbleate yn Huzum foar fiif aadliken

De tinkstien wurdt ûntbleate © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
Oan it bysûndere ferhaal fan de fynst fan in âlde Van Sixma-grêfkelder yn Huzum is freed noch in lêste haadstik taheakke. Op it tsjerkhôf by de doarpstsjerke is in tinkstien ûntbleate foar de fiif minsken dy't yn de kelder fûn waarden.
De kelder waard yn maaie ferline jier ûntdutsen troch de famylje Vossenberg. Doe't sy in terras oanlizze soene, kaam de kelder foar it ljocht. Sy tochten dat dy kelder al yn 1948 ûntromme wie, mar dat kloppe net, sa die bliken.

Aadlike famyljes

Fiif leden fan de aadlike famyljes Van Sixma en Van Beijma leine dêr begroeven. It giet om Bartel Douma van Sixma (1753-1809), syn frou Fokel Berber van Beijma (1759-1828), Petrus Johannes van Beijma (1783-1830), syn frou Geertrui Trip (1785-1830) en harren jongste dochter Eduarda Maria van Beijma (1826-1844).

Neiteam docht ûndersyk

Coert van Beijma fan Wergea, út it neiteam fan de Van Beijma's, hat nei oanlieding fan de fynst ûndersyk dien nei de skiednis fan de grêfkelder en de minsken dy't dêryn begroeven leine. De kelder hearde by de state fan de famylje Van Sixma dy't yn Huzum stie. Yn 1883 waard dy state ôfbrutsen. De stiennen en oare boumaterialen waarden ferkocht, mar de kelder bleau lizzen.
Bartel Douma van Sixma waard yn 1809 te hôf brocht. Opfallend, want begrave yn tsjerken mocht doe eins al net mear. Nóch frjemder is dat dizze Van Sixma letter wer opgroeven en byset is yn it famyljegrêf. Van Beijma wol dat noch fierder útsykje.
Doe't de kelder foar it ljocht kaam en leechmakke waard, wie it de fraach wat der mei de stoflike oerbliuwsels barre moast. Sawol de neibesteanden as de famylje Vossenberg woene se yn Huzum hâlde, mar op it tsjerkhôf mei offisjeel net mear begroeven wurde. Om't de oerbliuwsels al sa âld binne, is dêr in útsûndering foar makke.
De grêfkelder yn de tún fan de famylje Vossenberg is wilens hielendal leech- en skjinmakke. Sander Vossenberg hat der sels ljocht yn makke. De tagong is ôfdutsen mei in grutte glêzen plaat. Wat se der fierder mei sille, is noch ûnwis. Se hoopje dat de kelder wetterticht wêze soe, mar dat is net sa. As it in protte reind hat, stiet der al gau in flinke laach wetter yn.