Jorien ter Mors kampioen op de 500 meter, Leenstra twadde

Marrit Leenstra (l) en Jorien ter Mors © awfoto.nl
Jorien ter Mors hast krekt as ferline jier de 500 meter op it NK ôfstannen wûn. Ter Mors ried yn de rit tsjin Marrit Leenstra 38.51, Leenstra kaam yn 38.88 oer de streek. Dat wie goed foar it twadde plak. Sanneke de Neeling waard tredde yn 39.27. Letitia de Jong fan Feanwâlden einige as fjirde yn 39.29 en Janine Smit fan It Hearrenfean waard fiifde yn 39.37. Dizze fiif froulju sille nei alle gedachten útkomme op de earste wrâldbekerwedstriden.