SC Cambuur thús ûnderút tsjin Jong PSV

27 okt 2017 - 21:59

Opnij is SC Cambuur der net yn slagge om yn eigen hûs in kompetysjewedstriid te winnen. De Ljouwerters koene de bekeroerwinning op FC Den Bosch fan tiisdei, gjin passend ferfolch jaan tsjin Jong PSV. De Eindhovenaren wiene freedtejûn mei 1-0 te sterk, wêrtroch't Cambuur nei fiif thúswedstriden noch hieltyd op de earste thúsoerwinning wachtet.

By Cambuur begûn Bryan Smeets foar it earst dit seizoen yn de basis. De wedstriid kaam muoisum op gong. Healwei de earste helte wie Jong PSV ticht by de iepeningsgoal, mar Cambuurkeeper Erik Cummins koe de kopbal fan Pablo Rosario noch krekt njonken tikje. Even letter skeat Cambuurmiddenfjilder Jurjan Mannes op goal, mar die doelman Yanick van Osch syn wurk en foarkaam in foarsprong fan de Ljouwerters. Doelpunten foelen der net yn de earste helte.

Twa kear de peal

Yn it twadde bedriuw wol. Sa'n tsien minuten nei it skoft skeat Laros Duarte de Eindhovenaren op foarsprong. Trainer Marinus Dijkhuizen wiksele fuortendaliks. Hy brocht Martijn Barto en Alvin Daniels foar Smeets en Furdjel Narsingh. Krekt dêrnei wie Cambuur ticht by de lykmakker, mar Marvin Peersman seach syn skot op de peal útinoarspatten.

Cambuur sette oan om lyk te meitsjen. Ferdigener Matthew Steenvoorden wie in kertier foar tiid tichtby, mar syn kopbal waard fan de line helle. Datselde oerkaam Barto yn de slotfaze en Steenvoorden rekke yn de lêste minút de peal. Skoare die Cambuur net en dus opnij een nederlaach foar de Ljouwerters, de fyfde dit seizoen.

SC Cambuur - Jong PSV 0-1 (0-0). 57. Laros Duarte 0-1. Skiedsrjochter: Laurens Gerrets.

Opstelling SC Cambuur: Cummins; Van Deelen (77. Kip), Steenvoorden, Schilder, Peersman; Boerlage, Smeets (60. Barto), Mannes; Narsingh (60. Daniels), Robertha, Van Kippersluis.

Trefwurden: 
SC Cambuur Jong PSV fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)