Koen Verweij kampioen 1500 meter, Sven Kramer tredde

27 okt 2017 - 21:44

Koen Verweij is ferrassend kampioen wurden op de 1500 meter by it NK ôfstannen. Yn iisstadion Thialf ried de Noard-Hollanner, dy't mei de Russyske reedriders traint, 1.45.07. Thomas Krol waard twadde yn 1.45.35 en de ôfgeande kampioen Sven Kramer tredde mei 1.46.50. Kjeld Nuis, de wrâldkampioen op de 1500 meter, waard teloarstellend sechsde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)