Antoinette de Jong wint de 3000 meter, Ireen Wüst twadde

27 okt 2017 - 20:46

Antoinette de Jong hat har earste nasjonale titel op it NK ôfstannen te pakken. De ynwenster fan Rottum wûn yn iisstadion Thialf de 3000 meter yn 4.05.59. Sânfâldich kampioen Ireen Wüst moast krekt belies jaan. Har 4.06.13 wie goed foar it sulver. Irene Schouten waard tredde yn 4.06.31. Carlijn Achtereekte waard fjirde yn 4.06.42 en Carien Kleibeuker fiifde yn 4.09.55.

(Advertinsje)
(Advertinsje)