'Kulturele Haadstêd hat him te lang op Europa rjochte'

27 okt 2017 - 20:44

Stichting Kulturele Haadstêd 2018 hat te lang dwaande west mei it hjirhinne heljen fan Europa, yn plak fan dat Ljouwert en Fryslân harren yn Europa sjen litte. Dat seit alteast Joop Mulder. Mei syn eigen Kulturele Haadstêdprojekt 'Sense of Place' begjint it wol te rinnen, mar regels en jild foarmje bytiden problemen.

Dat is benammen spitich foar keunstners lykas Jan Ketelaar fan Drachten. Ketelaar wurket oan twa grutte bylden dy't by Holwert komme moatte en ûnderdiel binne fan Sense of Place. Hy is al twa jier dwaande mei syn bylden, mar jild kriget er net. Mei help fan crowdfunding is wol jild binnenhelle, mar net genôch om fan te libjen.

Mulder begrypt it dilemma mar al te goed, mar kin ek gjin izer mei hannen brekke. It proses giet stadich, mar neffens Mulder komt it goed. Benammen regels en rapporten fan advysburo's dy't folle mear jild kostje as fan tefoaren tocht wie.

Kulturele Haadstêd stipet wol, mar net folle. De hope is dat dat better wurdt. De ôfrûne jierren hâlde dat net oer. De fokus lei tefolle op Europa, yn plak fan Fryslân. De lêste wiken liket dat te kanteljen. Der komt mear omtinken foar de keunstners hjir en de fokus leit no mear op wat wy Europa te bieden ha. Dat is in goede ûntwikkeling, fynt Mulder. Neffens Mulder komt der yn novimber jild frij fan it Waadfûns.

Wa't de bylden fan Ketelaar sjen wol kin sneon nei Drachten ta. Tusken 13.00 en 17.00 oere stean de doarren iepen oan de Tussendiepen, hûsnûmer 6.

(advertinsje)
(advertinsje)