Finaleplak foar tennisser Sander Arends yn Brest

27 okt 2017 - 20:16
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat freedtejûn de finale berikt fan de ATP Challenger yn it Frânske Brest. Mei syn koppelmaat Antonio Sancic út Kroäsië waard yn in beslissende supertiebreak ôfrekkene mei it duo Sander Gille en Joran Vliegen. Mei 10-5 yn dy tiebreak gie de wedstriid nei Arends en Sancic.

De winners hienen de earste set noch nei 7-5 ferlern. Troch de winst fan de twadde set (6-3) en de supertiebreak mei it Frysk-Kroätyske duo dit wykein útkomme yn de finale yn Brest.

(Advertinsje)
(Advertinsje)