Hûnderten klassike auto's te sjen yn WTC Expo

Yn it WTC Expo is freed de beurs 'ClassicsNL' úteinset. Hûnderten klassike auto's binne dêr dit wykein yn Ljouwert te sjen. Fan hiel gewoane, lykas de Opel Kadett, oant hiel eksklusive, lykas de Jaguar E-Type Serie 13.8 FHC.
Op dizze beurs komme in soad minsken ôf. De measten om't it foar harren in 'feest der herkenning' is. Guon auto's stiene 50 jier lyn by elk yn de strjitte, mar ek mei oaren doelen komme minsken nei de beurs. Om moaie foto's te meitsjen bygelyks of om oan pakesizzers oer it ferline te fertellen.
Oaren sykje in belizzings-objekt. Guon Mercedessen, Porsche's of Jaguars bringe tonnen op om't der net in soad fan binne. Ek foar minsken mei in lytsere beurs kin belizze yn klassikers ynteressant wêze, no't de bank noch kwealik rinte jout.