KNSB en Thialf ferlingje gearwurking oant 2022

27 okt 2017 - 18:37
Thialfdirekteur Marc Winters en technyske direkteur fan de KNSB Arie Koops - Foto: Neeke Smit

IIsstadion Thialf bliuwt de kommende fiif jier de topsportlokaasje fan it Nederlânske reedriden. It reedrydbûn KNSB en Thialf ha freedtejûn it gearwurkingskontrakt ferlinge oant 2022. Doel fan beide partijen is de dominante posysje fan Nederlân as reedrydlân te behâlden.

Konkreet betsjut de kontraktferlinging dat de Nederlânkse topreedriders yn Thialf trainen bliuwe en dat de grutte nasjonale wedstriden op It Hearrenfean bliuwe. Thialfdirekteur Marc Winters is wiis mei de ferlinging en grutsk dat it iisstadion erkend wurdt as lanlike topsportlokaasje.

Trefwurden: 
KNSB Thialf reedriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)