Straf foar 19-jierrige Drachtster fanwege GHB-besit

27 okt 2017 - 18:04
Ghb - Foto: ANP XTRA

In 19-jierrige man út Drachten mei de kommende trije jier gjin drugs brûke en alkohol drinke, om't er dit jier twa kear betrape waard op it yn besit hawwen fan GHB. Dat hat de plysjerjochter freedtemiddei bepaald. Dêrneist krige de man in wurkstraf fan 90 oeren ûnder betingst oplein.

Yn april waard de Drachtster mei GHB betrape by in feest yn Kollum. In pear moanne letter rûn er mei allinne in swimbroek oan troch syn wenplak. Doe't er dêr by de supermerk troch de plysje oansprutsen waard, hie er mear as 200 gram GHB by him. De man hat in ferstanlike beheining en sit yn in ynstelling foar begelaat wenjen.

Trefwurden: 
GHB plysjerjochter Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)