Reedrydster Yvonne Nauta nei blessuere op wei werom

It giet wer de goede kant op mei Yvonne Nauta. De 26-jierrige reedrydster út Twellingea bruts yn maaie, by in training har rjochterskonk. Dêrtroch moast se ûnder oare de NK ôfstannen, dy dit wykein yn Thialf ferriden wurde, oan har foarby gean litte.
Nauta giet derfan út dat se op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai, ein desimber yn Thialf, oan de start ferskynt fan de 3.000 meter.
Ferline wike makke se op dy ôfstân har rentree by in trainingswedstriid. Fan dy tiid "moatte noch wol behoarlik wat sekonden ôf om écht mei te dwaan", sei Nauta freed yn de studio fan Omrop Fryslân.