Plysje siket tsjûgen fan bedriging op de Spoardyk

© ANP
De plysje siket tsjûgen fan de bedriging tongersdeitejûn op in fytspaad tusken Koarnjum en Stiens. It slachtoffer, in frou út Ljouwert, fytste krekt foar sânen op de Spoardyk en waard troch in man twongen stil stean te bliuwen. De fertochte pakte in mes en bedrige dêrmei it slachtoffer.
Op in bepaald stuit liet de fertochte los en naaide er út, nei alle gedachten om't der in oare fytser oan kaam. De plysje siket tsjûgen fan de bedriging en wol benammen graach yn kontakt komme mei de persoan dy't der oanfytsen kaam op it momint fan de bedriging.