Wurkstraf fan 120 oeren foar lead- en koperdief

27 okt 2017 - 16:07
Koper - Foto: Omrop Fryslân

In man sûnder fêst wenplak hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen, omdat er besocht hat lead en koper te stellen. De man die dat earst op it terrein fan it eardere ferkearspark yn Assen. Dêr waard er betrape.

Letter soe er yn Easterwâlde lead fan in dak meinimme. Hy hie al seis meter lossnijd doe't er betrape waard. Hy naaide út, klom oer in muorre en bedarre op de motorkap fan in auto. Dêr koe de plysje him arrestearre. Njonken de wurkstraf moat de man de eigener fan dy auto sa'n 800 euro skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
wurkstraf dakleaze
(Advertinsje)
(Advertinsje)