Ekstra ûndersyk nei ynslûkjen skerp foarwurp yn rjochtbank

27 okt 2017 - 15:29
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der komt ekstra ûndersyk nei hoe't fertochte Admilson R. moandei in skerp foarwurp meinimme koe yn it gerjochtshôf yn Ljouwert. Dat meldt RTV Drenthe. De fertochte besocht himsels by in sitting mei in skerp foarwurp ferwûnings ta te bringen.

Earder kundige it gerjochtshôf sels al ûndersyk oan, mar no sille ek de finzenis yn Vught en de Dienst Vervoer en Ondersteuning de saak ûndersykje. Dy lêste ynstânsje brocht Admilson R. moandei fan Vught nei Ljouwert. Neffens in wurdfierder fan justysje is R. wol fûilleard doe't er yn Vught ophelle waard. Hy waard mei syn broer feroardiele foar trije moarden. Moandei waard it heger berop behannele dat tsjin de straf yntsjinne waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)