Man út De Harkema krijt 100 oeren wurkstraf

In man út De Harkema hat in wurkstraf fan 100 oeren krigen om't er in oare man út it doarp in brutsen kaak slein hie. Dat barde nei de fuotbalwedstryd tusken Harkema Opeinde en Velocitas, yn maaie dit jier. By dy wedstriid ûntstie doe in grutte fjochtpartij.
De fertochte ûntkent, hy seit dat er allinne besocht hat in pear fjochtersbazen út inoar te heljen. De man hie it slachtoffer in whatsappberjocht stjoerd om syn ekskús oan te bieden. Boppedat stelde er foar om de skea te fergoedzjen. Justysje fynt dat dat in skuldbekentenis is. Njonken de wurkstraf moat de Harkyt 5.500 euro skeafergoeding en smertejild betelje.