FIDEO: Ferwûne kat oerlibbet rit fan 60 km ûnder auto

In kat hat freed in autorit fan 60 kilometer fanút Wolvegea oerlibbe wylst it bitsje fêst siet ûnder de wein. In famylje dy't ûnderweis wie nei it westen fan it lân, kaam op de A28 by Wezep stil te stean fanwegen maleur. By de berging fan de auto die bliken dat der in kat fêst siet ûnder de auto. It bist siet fêst tusken de motor, it sjassy en de boaiemplaat. De kat moast 60 kilometer de kop omheech hâlde om net mei de noas oer it asfalt te gean.
De berger hat de auto nei in parkearplak yn de buert brocht. De biste-ambulânse is ynskeakele. De kat hat allinnich in pear skrammen oerholden oan it aventoer.