Rappende fuotbaltrainer út Frjentsjer giet opnij viral

27 okt 2017 - 13:59

Niek Tiemersma hat opnij in filmke makke dat viral giet yn de fuotbalwrâld. De jonge trainer waard lanlik bekend mei in filmke fan syn jeugdteam by SC Frjentsjer. Hy motivearre syn team foarôfgeand oan in wedstriid mei in spesjaal makke rap. No giet der in nij filmke fan de jonge trainer rûn dy't mei syn foarige filmke in kontrakt as jeugdtrainer by SC Cambuur fertsjinne. Yn it nije filmke rapt Tiemersma oer de rol fan frijwilligers yn it amateur fuotbal. "Dit is voor hen die er altijd voor je zijn. Voor de grens, voor de scheids en de ouders langs de lijn. Voor helden van de club die die dingen voor je fixen."

It filmke is makke troch Tiemersma foar in nije kampanje fan de KNVB. It filmke op de Facebookpagina fan Tiemersma is no al tûzenen kearen besjoen.

Trefwurden: 
Niek Tiemersma
(Advertinsje)
(Advertinsje)