"Wintertiid? Gau ophâlde mei dy ûnsin!"

27 okt 2017 - 13:48

It is wer it wykein fan de wintertiid. Yn de nacht fan sneon op snein giet de klok in oere efterút. Al twivelje in soad minsken dêr ek noch oer. "Moat er net krekt foarút? We kinne dochs in oere langer sliepe?" Hoe dan ek, it koe wolris de lêste kear wêze dat we de klok fersette moatte. It Euro-parlemint sil yn desimber stimme oer in foarstel om it ôf te skaffen en dêr liket in mearderheid foar te wêzen.

Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen bot ferdield. "Prima saak, gau ophâlde mei dy ûnsin", mar ek: "Nee blinder, dat moat altyd troch gean, lekker lang ljocht simmers!" Oaren binne bepaald net oertsjûge fan dy foardielen: "Minsken, bisten, alles rekket yn 'e war. En dat enerzjy-argumint is ek al lang efterhelle!' De stoffekeapman hat der syn nocht fan dat saken altyd mar wer feroare wurde moatte: "Wat in drokte om neat. Hâldt it no ris sa't it is. Ik wurd der deawurch fan..."

Trefwurden: 
freedsmerk Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)