Skutslûs en brêge yn it sintrum fan Makkum wurde oanpakt

27 okt 2017 - 12:48

De skutslûs en brêge yn it sintrum fan Makkum wurde op koarte termyn oanpakt. De ôfrûne tiid wiene der in soad steuringen yn it betsjinningssysteem fan de brêge en de slûs. Dat soarge foar in opûnthâld foar de skipfeart en it autoferkear. De gemeente Súdwest-Fryslân hie earst lykwols gjin jild foar de opknapbeurt. Troch no wurk oan de stegers op te skowen kin der dochs op koarte termyn begûn wurde me it oplossen fan de problemen.

De slûs is de ôfrûne jierren hieltyd belangriker wurden. Nei it ôfskaffen fan it brêgejild yn Súdwest-Fryslân farre der hieltyd mear skippen binnentroch fan Warkum of Boalsert nei Makkum. It ôfrûne jier allinnich al 7.000.

It wurk oan de stegers wurdt no letter oppakt. Neffens wethâlder Durk Stoker moat ek dy foar de simmer fan takom jier wer by de tiid wêze.

Trefwurden: 
Makkum skutslûs brêge stegers
(advertinsje)
(advertinsje)