Bus rydt de sleat yn by Wetsens

27 okt 2017 - 12:16
Foto: De Vries Media

In bus is freedtemoarn in sleat ynriden op de Dokkumertrekwei by Wetsens. Der siet op it stuit fan it ûngelok net ien yn de bus. De sjauffeur is neisjoen op ferwûningen troch ambulânsepersoniel, mar kaam mei de skrik frij. Njonken in ambulânse, rieden ek de brânwacht en in dûkteam út foar it ûngelok. De oarsaak is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
ûngelok linebus Wetsens
(Advertinsje)
(Advertinsje)