Skip botst op brêge oer Prinses Margrietkanaal by Strobos

In skip mei dêrop in kraan hat freedtemoarn de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Strobos ramd. Troch de oanfarring is der op it skip in ravaazje ûntstien. De kraan rekke swier skansearre, de skea oan de brêge falt ta. By in earste ynspeksje kaam nei foaren dat der allinnich wat stikkene lampen wiene en wat lakskea.
Der rekke net ien ferwûne by de oanfarring. Hoe't it koe dat it skip tsjin de brêge knald is, wurdt ûndersocht. Op 17 oktober gie it op itselde kanaal ek al mis. By Noordhorn kaam doe in binnenfeartskip fêst te sitten ûnder in hefbrêge.