Mooglik nije autisme-opfang yn Drachten

27 okt 2017 - 11:37
Helpferliener helpt jonkje mei autisme - Foto: ANP

Yn it eardere Servotel yn Drachten komme mooglik folwoeksenen mei autisme te wenjen. As der genôch belangstelling is, wol de soarchorganisaasje IVA der in opfang begjinne. IVA stiet foar In voor Autisme en hat no sechstjin lokaasjes yn it lân, ûnder oare yn Ljouwert. Minsken wenje selsstannich en krije begelieding op it mêd fan wenjen en wurkjen.

Om út te finen oft der genôch belangstelling is om yn Drachten in lokaasje te begjinnen, is der op 20 novimber in ynformaasjebyienkomst yn it eardere Servotel.

Trefwurden: 
IVA Drachten autisme
(Advertinsje)
(Advertinsje)