Doarpsbelang Kollum bang foar baneferlies

27 okt 2017 - 11:21
NEF Kollum - Foto: Google Street View

Doarpsbelang Kollum is bang dat sosjale wurkfoarsjenning NEF nei Dokkum giet. Neffens doarpsbelang Kollum soarget it mooglike baneferlies foar ûnrêst yn it doarp. By de NEF-fêstiging yn Kollum wurkje hast 150 minsken.

De gemeente Kollumerlân C.A. is op wei nei in weryndieling weryn sy opgeane yn de gemeente Noordeast-Fryslân. Doarpsbelang Kollum is bang dat mei de komst fan de nije gemeente protte foarsjennings út it doarp stadichoan nei it gruttere Dokkum ferpleatst wurde. Neffens harren wurdt it spûkbyld fan de nije gemeente befêstige troch it mooglik ferlies fan de NEF.

(Advertinsje)
(Advertinsje)