Dijkhuizen: "Mooie loting en fijn dat we thuis spelen"

27 okt 2017 - 10:52
Foto: ANP

Trainer Marinus Dijkhuizen fan SC Cambuur is goed te sprekken oer de bekerlotting fan de Ljouwerters. Tongersdeitejûn hat de lotting sjen litten dat yn de achtste finales GVVV de tsjinstanner is. Dy ploech stiet twadde yn de twadde difyzje, ien nivo ûnder de Jupiler League. "Het is een mooie loting. Ik ben er vooral heel blij mee dat we nu een keertje thuis spelen", seit Dijkhuizen. Yn de earste twa bekerrondes stiene der foar Cambuur noch fiere útwedstriden op it programma yn Helmond en Den Bosch. "Dan ga je 's middags al weg en ben je heel laat terug. Dat hebben we nu een keertje niet."

Nettsjinsteande dat de ploech út Veenendaal in difyzje leger spilet, is it neffens Dijkhuizen wol in goeie tsjinstanner. "Het is absoluut niet een makkie, want het is een goede amateurploeg." De Cambuur-trainer is persoanlik ek bliid mei GVVV as tsjinstanner. "Toen ik trainer van Montfoort was, hebben we er meerdere keren tegen gespeeld. Dat maakt het extra leuk. Ik ken daar nog wel wat mensen en heb er goeie herinneringen aan", fertelt Dijkhuizen.

"Niet rijk rekenen"

Technysk direkteur Gerald van den Belt is ek tige wiis mei de lotting. "Het is een mooie loting voor ons. Het belangrijkste was dat we een thuiswedstrijd kregen. Toen dat eruit rolde maakte het me eigenlijk ook niet meer uit of het Feyenoord werd of de amateurs van GVVV. Laten we ons trouwens ook niet rijk rekenen. De Graafschap is gestruikeld over Kozakken Boys en die staan onder GVVV."

De bekerwedstriid tsjin GVVV wurdt op tiisdei 19 desimber spile om kertier foar achten.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)
(advertinsje)