Steuring oan spoarbrêge oer Van Harinxmakanaal

De spoarbrêge by it Van Harinxmakanaal kin in skoft net iepen. Nei ûnderhâldswurk oan de brêge is der troch in meiwurker fan oannimmer Hollandia reau efterlitten, wêrtroch't de hefsilinder stikken gien is.
It treinferkear tusken Ljouwert, Harns en Snits hat gjin lêst fan it euvel. Foar de skipfeart is dat oars: om't de brêge sa'n fiif meter heech is, moatte sylskippen omfarre. It is net dúdlik hoe lang as de brêge ticht bliuwt, om't der sjoen wurde moat oft der in nije silinder komme moat of dat dizze silinder noch makke wurde kin. It meitsjen fan sa'n silinder is spesjalistysk wurk en kin in oantal moannen duorje. Prorail docht no ûndersyk en wit nije wike mear.