Kollum: "Konsumint"

27 okt 2017 - 08:29

"Der wie lêst wer in ûngemak yn in bargestâl. De stroom wie útfallen sadat de fentilaasje it net mear die en guon bargen stikt binne. Under de reaksjes stie ek wer in opmerking dat it de skuld mei is fan de konsumint, want dy wol altyd mar goedkeaper. Ik bin ek in konsumint, mar ik wol dat hielendal net oer de rêch fan al dy earme bisten. Dat jildt ek foar de suvelprodukten, lear, wol en dûns.

Mar wat ik wol hiel lestich fyn, is om derefter te kommen hoe’t klean, skuon en oare produkten makke wurde. De klean fan katoen binne ek in stik minder fan kwaliteit as in pear jier lyn en dan benammen de shirts. We kinne grif allegear wol it fenomeen fan de mysterieuze gatsjes. Se ha my wiismakke dat it komt omdat der hjoeddeis mei twa triedden weve wurdt en net mear mei trije. Sadwaande giet it samar stikken, mar dêr freegje ik net om.

Koest earst wol in pear jier mei in shirt, no ha ‘k betiden al gatsjes deryn as ik it twa kear oan hân ha. Dus kocht ik op in bepaald momint djoerdere shirts by in winkel dêr’t ik fan hope dat it net barre soe, mar nei ien dei wie it al mis. Djoerkeap is dan ek al gau miskeap. Ik bin in konsumint dy’t echt wol mear betelje wol foar kwaliteit en bettere omstannichheden foar de minsken dy’t de klean meitsje, mar ik wit betiden net wêr’t ik dan wêze moat.

Mei tank oan ûnder oaren Peta en Foodwatch komst der efter hoe’t wy as konsuminten faak op in ferkeard spoar setten wurden. Ik hie der nea oan tocht dat kninen libjend plôke wurde foar de angoarawol en dat bisten libjend strûpt wurde foar de hûs. En dat jildt ek foar dy under-cover bylden yn guon bargestâlen of slachterijen. Sokke filmkes binne sa freeslik, mar it makket my al in stik kritysker. Ik wie eins altyd bêst wol nayf omdat ik fan it goede yn ‘e minsken útgong.

Dus as ik dan foar de safolste kear lês dat de konsumint ferantwurdlik is, dan fiel ik my net persoanlik oansprutsen mar dochs kin ik der wol boas om wurde. Want it is lekker maklik om it op de konsumint ôf te skowen as in bedriuw der in wanbelied op nei hâldt. Mar wat kin ik der no oan dwaan dat se de boel net foar elkoar ha en sadisten oannimme dy’t mei jonge barchjes goaie en skiep tsjin ‘e holle skoppe as se skeard wurde? As ik ien kear wit dat in winkel klean of iten ferkeapet mei sa’n eftergrûn, dan soe’k dêr net mear komme, al hoe goedkeap it ek is.

Ik sjoch it net sitten om fegetariër of feganist te wurden mar besykje wol bewuster te boadskipjen. Ik keapje op ’t heden hieltyd mear biologyske produkten, mar earlik sein ha ‘k myn twivels dêr ek wolris oer. De griente bliuwt eins hast like lang goed as de normale en wat it fleis oanbelanget, ha ‘k ek wolris in tsjinfaller. Ik moast bygelyks in kear fermogen foar in biologyske hin betelje mar dat bist wie sa skraal en taai dat sels in krokodil dêr muoite mei hân hie om him nei binnen te wurkjen.

As konsumint kin ik bêst wol konsuminderje en dan fal ik noch net fan ‘e graat. En as itjinge dat ik dan al keapje wat djoerder wêze kin sadat de bisten dy’t dêrfoar brûkt wurde it better krije, dan meie se my dêr de skuld wol fan jaan. Dan fiel ik my oansprutsen en wurd ik net mear boas."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)