Roekeleaze autobestjoerder ramt plysjewein yn Snits

27 okt 2017 - 06:23
Foto: BTBfotografie

In automobilist is tongersdeitejûn oanholden nei't er roekeleas troch Snits ried. Dêrby ramde er in plysje-auto. De plysje krige meardere meldingen oer de bestjoerder om't dy mei hege snelheid oer de Singel yn Snits ried. Op de krusing mei de Hoogend rekke de auto yn 'e slip. De bestjoerder hie syn auto net mear ûnder kontrôle, draaide yn it rûn en knalde tsjin in plysjewein. De automobilist woe útnaaie, mar de plysje sette syn auto klem. Hy is meinaam nei it buro. Der wurdt útsocht oft de man drank of drugs brûkt hie.

Trefwurden: 
plysje Snits
(advertinsje)
(advertinsje)