SC Cambuur lottet thús tsjin GVVV yn beker

It fuotbalfjild van SC Cambuur © Omrop Fryslân, Joris Kalma
SC Cambuur nimt it yn de achtste finales fan it KNVB bekertoernoai op tsjin twadde difyzjonist GVVV. Dat hat de lotting tongersdeitejûn útwiisd. De Ljouwerters spylje yn it eigen Cambuur stadion tsjin GVVV, dat op dit stuit op it twadde plak stiet yn de twadde difyzje. Dat is ien nivo leger as de Jupiler League.
De wedstriid wurdt op tiisdei 19 desimber om 19.45 oere yn Ljouwert ôfwurke.
Yn de earste ronde wie Cambuur mei 5-1 te sterk foar Helmond Sport. Tiisdei waard yn de twadde ronde mei 2-0 wûn by FC Den Bosch. SC Hearrenfean waard woansdei útskeakele yn de twadde ronde troch in 2-1 nederlaach tsjin Willem ll.