Scooter troch auto oanriden yn sintrum Drachten

26 okt 2017 - 23:12
It plak fan it ûngelok - Foto: De Vries Media

Yn Drachten is tongersdeitejûn op de krusing fan de Noardkade mei de Torenstrjitte in scooter oanriden troch in auto. De scooter waard bestjoerd troch in frou. Se foel en bleau op 'e grûn lizzen. De bestjoerder fan de auto is trochriden.

Plysje- en ambulânsepersoniel ha de frou holpen. Nei in koarte behanneling koe se selsstannich nei de dokterswacht.

Trefwurden: 
Drachten scooter
(Advertinsje)
(Advertinsje)