KNN Cellulose wol noch mear skytpapier omsette yn asfalt

Asfalt fan skytpapier. In pear jier lyn noch wylde takomstplannen, mar by KNN Cellulose yntusken de gewoanste saak fan de wrâld. It bedriuw wol op termyn 1.000 ton Recell yn it jier produsearje. Recell is in grûnstof foar asfalt en is makke fan selluloaze dat út âld skytpapier helle is.
Mei proefprojekten, ûnder oare yn Jelsum en op It Amelân, hat it Ljouwerter bedriuw sjen litten dat de stof oan alle noarms foldocht en like lang meigiet as 'gewoan' asfalt. Erik Pijlman fan KNN Cellulose: "We zijn nu bezig om de apparatuur en bronnen te verkrijgen om deze productiehoeveelheid te kunnen halen. We zijn ook in gesprek met veel geïnteresseerde afnemers. De markt is er klaar voor."
Pijlman is tige entûsjast en hopet yn de takomst noch mear recycle selluloaze te meitsjen. Ek fan oar papierôffal.