Orkambi yn basispakket: "It fielt echt as in oerwinning"

26 okt 2017 - 22:36

In moaie dei wie it, tongersdei, foar de 80-jierrige Hans van der Meulen fan Snits. It medisyn tsjin 'cystic fybrosis', oftewol taaislymsykte, komt yn it basispakket. Earst soe dat net om't it medisyn - Orkambi - neffens minister Edith Schippers fiersten te djoer wie. It soe foar ien pasjint 170.000 euro yn it jier kostje.

Nei in petear mei it bedriuw Vertex hat Schippers dochs oars besletten, wêrby't de betingst fan Vertex wie dat de ôfsprutsen priis ûnder de balken bliuwt. It medisyn ferbetteret de longfunksje en bestriidt ek oare symptomen fan de sykte.

Van der Meulen en syn frou ferlearen twa dochters oan de sykte. Ien fan de dochters waard trije dagen âld, de oare 13 jier. Nei it ferstjerren fan de twadde dochter ha se harren altyd ynset foar de Nederlânske Cystic Fybrosis Stichting. "Wy ferkeapje op merken al 35 jier lang kaarten, postsegels, lampen en alles wat minsken noch mear sammelje kinne. Sa ha wy yn al dy jierren al 240.000 euro by inoar brocht foar de stichting."

De trochbraak wie dan ek fantastysk nijs foar it pear. "It fielt echt as in oerwinning. Wiene sokke medisinen mar yn ús tiid beskikber. Mar ik fyn it hiel moai dat de 750 minsken yn Nederlân dy't hjir baat by ha kinne, it medisyn no krije kinne." Hoewol't Van der Meulen net mear op de merk stean kin, giet er gewoan troch mei de ferkeap foar de stichting. Dit docht er út hûs wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)