Aris mei grutte sifers ûnderút yn en tsjin Den Bosch

26 okt 2017 - 21:56
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris ha tongersdeitejûn ferlern fan Den Bosch. Yn de fiifde kompetysjewedstriid fan it seizoen gie de ploech fan trainer Tony van den Bosch, yn Den Bosch, mei grutte sifers ûnderút.

Aris stie nei it earste kwart fan de wedstriid al mei 33-14 achter. Yn it twadde kwart wreide Den Bosch de skoare út nei 53-21. It skoareboerd joech úteinlik nei it tredde en fjirde kwart 88-47 oan.

De Ljouwerters begûnen goed oan it seizoen, mar nij twa oerwinningen gie de Ljouwerter basketbalklup trije kear op rige ûnderút. Nije wike sneon krijt Aris de kâns om de kater fuort te spielen, dan komt Leiden op besite.

Trefwurden: 
Aris Den Bosch basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)