Auto útbaarnd op de A7 by ôfslach Beetstersweach

26 okt 2017 - 20:59
Auto yn 'e brân op de A7 - Foto: De Vries Media

Op de A7 is tongersdeitejûn, yn de rjochting fan Drachten nei It Hearrenfean, by de ôfslach nei Beetstersweach in auto útbaarnd. Dit barde krekt nei achten. De brânwacht fan Drachten waard oproppen.

De persoane-auto stie yn 'e brân op de flechtstreek flak foar de ôfslach. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de auto hielendal útbaarnde. De oarsaak fan de brân is net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)