Fuotballer Issa K. fertocht fan seks mei minderjierrige

26 okt 2017 - 20:03
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

SC Cambuurspiler Issa K. stiet moandei tsjinoer de rjochter, sa meldt it Algemien Deiblêd. Hy wurdt derfan fertocht seks hân te hawwen mei in 15-jierrich famke. De no 21-jierrige K. soe yn de perioade tusken juny en augustus 2015 seks mei it famke hân ha. Yn dy tiid stie er by FC Utrecht op de leanlist. De fuotballer stiet mei noch fiif oaren terjochte.

Wurdfierder Ruben Sijtsma fan Cambuur seit dat de klup net op de hichte wie fan de rjochtsaak. "We willen de strafzaak van maandag ook eerst afwachten voor we er inhoudelijk iets over gaan zeggen. We gaan natuurlijk wel met Issa om tafel om dit met hem te bespreken."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Issa K.
(Advertinsje)
(Advertinsje)