Wurkstraf foar Harnzer nei besykjen ta swiere mishanneling

26 okt 2017 - 19:27

In 18-jierrige Harnzer hat tongersdei in wurkstraf krigen fan 70 oeren, plus 70 oeren ûnder betingst. De man krige dizze straf fanwege it besykjen ta swiere mishanneling en it iepenlik brûken fan geweld yn Makkum, yn july dit jier.

De Harnzer hie mei in groep freonen nei de Makkumer merke west. Dêr krige er spul mei in oare man. Wat der krekt bard is en hoe't de rûzje ûntstien is, bleau ûndúdlik. Wol wie dúdlik dat de Harnzer slein hie, sa kaam de rjochter ta de konklúzje nei tsjûgeferklearrings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)