Thialf dit wykein dekôr fan de NK ôfstannen

26 okt 2017 - 18:17

Reedrydtimpel Thialf is fan freed ôf wer trije dagen it dekôr fan de NK ôfstannen. Dat betsjut ek dat it Olympyske seizoen begûn is. Op alle ôfstannen komme de Fryske en Nederlânske toppers yn aksje. Op snein wurdt as lêste ek noch de massastart ferriden.

De NK ôfstannen is it seleksjemomint foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden fan it nije seizoen. Dizze wedstriden binne op It Hearrenfean (10-12 novimber), Stavanger (17-19 novimber), Calgary (1-3 desimber) en Salt Lake City (8-10 desimber).

Ein desimber is yn Thialf it Olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT). Mei de resultaten fan de wrâldbeker en it OKT wurde de riders en rydsters selektearre foar de Olympyske Spelen 2018 fan Pyeongchang yn Súd-Koreä yn febrewaris.

Regearjend kampioenen

By de froulju is Jorien ter Mors de regearjend kampioen op de 500 en 1000 meter, Ireen Wüst op de 1500 en 3000 meter en Carien Kleibeuker op de 5000 meter. By de manlju moat Dai Dai Ntab op de 500 meter syn titel ferdigenje. Kai Verbij docht dat op de 1000 meter, Sven Kramer op de 1500 meter en de 5000 meter. Jorrit Bergsma wie ferline jier de bêste op de 10 kilometer.

Foarbeskôging Clafisploech

It wurdt in drok wykein foar it reedrydteam fan coach Jillert Anema. De manlju fan de Clafisploech ride sneon earst de 5 kilometer op de NK ôfstannen, sneontejûn de maraton yn Ljouwert en snein ta beslút noch de 10 kilometer.

Dat binne in soad kilometers. "57", rekkenet Anema út. "In bytsje kilometers meitsje is net sa slim. It is goed om dat yn de fuotten te hawwen. In soad ride hoecht it winnen fan titels net yn de wei te sitten."

Bergsma en Stroetinga ride snein ek noch de massastart, dus dy beide manlju meitsje dit wykein nóch mear kilometers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)