Alden Halbe Zijlstra: "Dit hiene wy net ferwachte"

26 okt 2017 - 17:44

Fryslân kin wer in minister byskriuwe. Tongersdei is Halbe Zijlstra ynstallearre as minister fan Bûtenlânske Saken. Yn Easterwâlde is der grutskens oer de beneaming. By heit en mem stie de telefyzje tongersdeitemoarn fansels oan. Se hienen net ferwachte dat harren jongste de minister fan Bûtenlânske Saken wurde soe, mar fine it wol geweldich.

Halbe Zijlstra is nei ûnder oaren Annemarie Jorritsma en Hayo Apotheker wer in Fries op in wichtige post. Heit en mem binne dan ek grutsk, "mar hiene dit net ferwachte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)