Pas yn 2019 ferheget Rederij Doeksen prizen boatkaartsjes

In kaartsje foar de fearboat nei Skylge en Flylân wurdt takom jier noch net djoerder, nettsjinsteande dat de btw dêrop omheech giet. Rederij Doeksen betellet de hegere btw sels. Boatkaartsjes wiene oant no ta belestingfrij, mar dat mei net langer mear fan Brussel. De Europeeske kommisje hat Nederlân dêroer op de fingers tikke.
Rederij Doeksen fynt it koart dei om de priis foar in kaartsje per 1 jannewaris al te ferheegjen. De rederij nimt de kosten dêrom earst foar eigen rekken. Mei yngong fan 2019 moatte boatreizgers it hegere btw-taryf wol sels betelje.

Finansjele gefolgen

De finansjele gefolgen binne grut foar Rederij Doeksen. Njonken de ekstra btw-kosten, moat Rederij Doeksen ek mear betelje by de oanskaf fan twa nije skippen dy't de rederij takom jier yn gebrûk nimme sil. Troch it 21 persint-taryf moat de rederij 9 miljoen euro ekstra dellizze.