"Elkenien hie wol wat mei blues-muzikant Fats Domino"

De legendaryske blues-muzikant Fats Domino, woansdei stoarn yn 'e âldens fan 89 jier, hat trije kear yn Fryslân optreden. Yn de tachtiger jierren twa kear yn Ljouwert en yn it begjin fan de njoggentiger jierren yn de sporthal fan Snits.
De trije optredens fan Domino wiene neffens Bauke Algera fan artysteburo Diba International Concerts út Snits, hiel gau útferkocht. "Elkenien hie wol wat mei him, hy wie hiel populêr. Hy makke echt in feest fan syn optredens."
Algera gie sa'n 25 kear mei Domino op toernee troch Europa en rekke goed befreone mei de artyst. Algera neamt it ferstjerren fan Domino in grut ferlies. "Tegearre mei stjerren lykas B.B. King en Chuck Berry ferdwynt sa in generaasje rasartysten."