Fries yn Kataloanië: kritysk oer ûnôfhinklikheid en Madrid

It is tongersdei wer in spannende dei yn Kataloanië. It parlemint fan de Spaanske dielsteat praat tongersdeitemiddei oer in foarstel om de ûnôfhinklikheid út te roppen. De Friezen dy’t yn Kataloanië wenje, binne kritysk oer dat foarnimmen. Stedsgids Merijn Bouma, oarspronklik fan It Hearrenfean, is benammen benaud foar de ekonomyske neidielen fan ûnôfhinklikheid. ''De Katalanen moatte hurd wurkje om rûn te kommen. Der binne no al bedriuwen dy’t fuortgean en toeristen dy’t fuort bliuwe. Dat kin Kataloanië net brûke.'' Mar Bouma is like kritysk oer it regear yn Madrid. ''Der ferdwynt no in soad jild út Kataloanië nei Madrid. Dêr moat je fansels oer prate. Mar premier Rajoy is net echt fan it poldermodel.''
Merijn Bouma is sûnt 2008 yn Kataloanië. Hy hat in bedriuw dat fytsekskurzjes organisearret foar bedriuwen en Nederlânske en Belgyske toeristen. Mei syn Spaanske frou en soan wennet er yn Castelldefels. Hy makket him wol soargen oer de politike eskalaasje fan de lêste wiken. ''Myn takomst leit hjir. Mar ik hoopje wol dat dit gedoch in kear ophâldt.''