Soargen oer gemyske stoffen yn it wetter

© Omrop Fryslân
De VVD yn Fryslân makke him soargen oer gemyske stoffen yn it wetter. De steatefraksje fan de VVD freget him ôf oft de provinsje wit wêr't de fersmoarging fan it oerflaktewetter wei komt. Neffens de partij komt it net allinne troch de lânbou, hoewol't dat wol faak tocht wurdt. Mar it hat bliken dien dat yn gebieten mei it minste fee de heechste konsintraasjes fersmoarging metten wurde.
It is belangryk om te witten wêr't de fersmoarging wei komt, seit de VVD. Oars kinne je der neat tsjin dwaan.