Dokkum wol wer bloeiende blommen yn de binnenstêd

26 okt 2017 - 22:45

Dokkum moat wer in stêd mei folop bloeiende blomperken wurde. Dêrfoar set de stichting Dokkum Tulpenstad har yn. Earder stienen der tsientûzenen tulpen op de bolwurken, mar dy taasten de histoaryske ferdigeningswurken oan.

De stichting wol de blomperken dêrom better spriede en neist de tulpen ek oare blommen plantsje. Sa komme der no ek soarten dy't langer groeie. De bedoeling is dat de binnenstêd der yn 2018 wer fleurich by stiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)