Omrop TIP: Myn Bildt, dou bist ’n keuninkryk

28 okt 2017 - 07:53

It Bilt is in karakteristike plattelânsgemeente yn it noardwesten fan Fryslân, oan de Waadsee. Dat feroaret takom jier: It Bilt giet dan op yn de nije fúzjegemeente Waadhoeke. Nei sa’n fiifhûndert jier rekket de streek syn ‘selsstannigens’ kwyt.

In mearderheid fan de Biltkerts wie tsjin de fúzje, mar hat dy net keare kinnen. Guon freegje harren ôf hoe’t it no komme sil mei it Biltskeigene; de taal en kultuer dy’t sa sterk ferbûn is mei de unike skiednis fan it gebiet.

De Fryslân DOK-dokumintêre ‘Myn Bildt, dou bist ‘n keuninkryk’ is op snein 29 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)