F16's Fleanbasis Ljouwert fleane tenei wer jûns

26 okt 2017 - 15:48

F16's fan de Fleanbasis Ljouwert fleane mei yngong fan takom wike wer jûns. Piloaten en grûnpersoniel moatte har wurksumheden ek yn it tsjuster útfiere kinne en dus is it fan belang om dat te oefenjen, sa seit definsje. F16's wurde meastentiids ynset as it tsjuster is. De kommende wiken wurdt fan moandei oant en mei tongersdei jûns flein, op syn letst oant alve oere.

Trefwurden: 
F16 Fleanbasis Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)