FIDEO: Lêste stik fan Drachtsterbrêge sloopt

© Vrij Baan
Mei twa grutte kranen waard tongersdeitemoarn it lêste part fan de Drachtsterbrêge yn Ljouwert sloopt. De âld-brêgewippers hawwe der grif mei mingde emoasjes nei stean te sjen. Jierrenlang hawwe se fanút it hokje de brêge nei boppe en nei ûnderen dien. Mei de komst fan it akwadukt hoecht dat no net mear. Op moandei 9 oktober waard foar it lêst gebrûk makke fan it brêgewippershokje.