Drachtster frijsprutsen fan ferkrêfting yn 1998

26 okt 2017 - 14:57

In man út Drachten is frijsprutsen fan in ferkrêfting njoggentjin jier lyn yn Delft. Hy is wol feroardiele foar stellerij mei geweld. Dêr krige er in taakstraf fan twahûndert oeren foar. De man kaam ferline jier yn byld foar beide saken, doe't in DNA-match boppe wetter kaam. Dy match wie al folle earder makke, mar der wie al dy tiid neat mei dien troch in flater fan plysje en justysje.

De man út Drachten sei dat er de frou net ferkrêfte hat, mar dat se frijwillich seks mei him hân hat. De rjochtbank fûn it DNA-materiaal allinne gjin bewiis, der wienen gjin tsjûgen. Omdat der by de stellerij wol tsjûgen wienen, wurdt de man dêr wol foar straft.

(advertinsje)
(advertinsje)