Balânsoefeningen moatte âlderen helpe, sadat se minder falle

Fal- en balânsoefeningen moatte derfoar soargje dat âlderen minder faak falle. De oefeningen binne bot nedich, omdat der hieltyd mear minsken om it libben komme troch in falpartij. Foarich jier wienen dat 130 minsken yn Fryslân, wylst dat in jier earder 120 minsken wienen. It grutste part fan de slachtoffers is dêrby âlder as tachtich jier.
Sport Fryslân hopet dat safolle mooglik âlderen meidwaan wolle oan it beweechprogramma 'Sociaal Vitaal'. In belangryk ûnderdiel fan dit programma binne fal- en balânsoefeningen. De sportskoalle fan Veronique Akkermans yn Wommels biedt it programma oan. Neffens Akkermans kinne minsken thús ek al oefenje op in bettere balâns troch bygelyks tosken te skrobjen op ien foet.