Drachten wol squash nei heger plan tille yn Fryslân

In primeur foar squashend Noard-Nederlân. Yn Drachten waard woansdeitejûn foar it earst in earedifyzjewedstriid spile. CS Drachten spile tsjin Meersquash út Hoofddorp, de wedstriid gie ferlern mei 6-3. Om de earste earedifyzjewedstriid fan CS Drachten ekstra kasjet te jaan, wiene der spesjaal tribunes delset. Ek wie it live te folgjen op Facebook. Thijs Roukens fan De Pein is ien fan de grutste squashtalinten fan Nederlân en spilet dit jier by Drachten.
By de klup wolle se it nivo yn de regio omheech lûke. Dêrom ha se de tritich bêste spilers fan Noard-Nederlân nei Drachten helle. Sa hoopje se de squashsport mear bekendheid te jaan. Neist regionale talinten komme der ek wrâldtoppers yn aksje foar Drachten. Ien dêrfan is de trijefâldich wrâldkampioen Ramy Ashour út Egypte. En dy wrâldtoppers wolle se eins net samar op in gewoane squashbaan spylje litte.